Dielnimmers Liet International 2020 yn Nordschleswig/Denemarken 

Gazzværket 1024x576 1

LAATSTE NIEUWS: wegens het Coronavirus is het Festival afgelast/uitgesteld

 

De 20 dielnimmers fan de 13e edysje fan Liet International 2020 op 3 en 4 april 2020 yn Apenrade/Aabenraa, Denemarken binne bekend. 45 lieten binne ynskreaun foar Liet International 2020, it sjongfestival foar regionale en minderheidstalen. Dizze 45 lieten litte in grutte stiging yn it tal ynskriuwingen sjen, en in groeiende ynteresse yn Liet International.

In seleksje sjuery besteande út Anneke Holwerda (Fryslân), foarsitter fan de sjuery fan Liet 2019, Laura Fosten (Feriene Keninkryk), bandlid fan de Cornyske The Rowan Tree, winner fan Liet International 2018, en Uffe Iwersen (Denemarken), kultuerkonsulint by Bund Deutscher Nordschleswiger, de organisators fan Liet International 2020, moasten nei alle lieten harkje en sy hienen …