LAATSTE NIEUWS: wegens het Coronavirus is het Festival afgelast/uitgesteld
De 20 dielnimmers fan de 13e edysje fan Liet International 2020 op 3 en 4 april 2020 yn Apenrade/Aabenraa, Denemarken binne bekend. 45 lieten binne ynskreaun foar Liet International 2020, it sjongfestival foar regionale en minderheidstalen. Dizze 45 lieten litte in grutte stiging yn it tal ynskriuwingen sjen, en in groeiende ynteresse yn Liet International.
In seleksje sjuery besteande út Anneke Holwerda (Fryslân), foarsitter fan de sjuery fan Liet 2019, Laura Fosten (Feriene Keninkryk), bandlid fan de Cornyske The Rowan Tree, winner fan Liet International 2018, en Uffe Iwersen (Denemarken), kultuerkonsulint by Bund Deutscher Nordschleswiger, de organisators fan Liet International 2020, moasten nei alle lieten harkje en sy hienen de swiere taak hjir in seleksje út te meitsjen.
De line-up hat wer in grut ferskaat. Sawol yn ferskillende regionale en minderheidstalen as yn muzykstilen fan harksankjes en jazz oant (indie) rock.
De 20 dielnimmers binne, yn alfabetyske foalchoarder: Band | Liet | Taal |
63-72 | Mein kleines Lied | Synnejysk/Dútsk (Denemarken) |
Bališ | Spal bomo če smo hin | Sloveensk (Eastenryk) |
Brother Sea | Oll ‘Vel Onen | Cornysk (Feriene Keninkryk) |
Bumbe Orchestra | Cala Sinzias | Sardinysk (Itaalje) |
Carolina Rubirosa | Sozinha | Galisysk (Spanje) |
Clash Vooar | Lhiggeyder Folley | Manx Gaelysk (Eilân Man) |
Die Tüdelband | Buten an’t Meer | Platdútsk (Dútslân) |
Fiona Cavegn | Mona Lisa | Reto-Romaansk (Switerserlân) |
ISABELLE | Waje de Litt | Elzas-Dútsk (Frankryk) |
Jimi Henndreck | Nairobi | Súdtiroolsk (Itaalje) |
Juna | Yashel Kuzle | Tatar (Tatarstan) |
Luis Nuñez y los Folganzanes | Tengo un sitiu pa ti | Asturysk (Spanje) |
Marcas Mac an Tuairneir le Bogha-frois | Dumbbells | Skots Gaelysk (Skotlân) |
Noctiluca | Iaan | Heligoland Frysk (Dútslân) |
Roger Argemí | La fina línia | Katalaansk (Spanje) |
Saara Hermansson | Mov laavlome | Súd-Sami (Sweden) |
Sequens | Do bist frij | Frysk (Nederlân) |
Sølo | Kærestesangen | Deensk (Dútslân) |
Turbokrowodn | Mila moja | Burgenlandkroatysk (Eastenryk) |
Zaman | Aida Yanga | Bashkir (Bashkortostan) |
LIET International wordt gehouden op 3 april (halve finale met 20 bands) en 4 april (finale met 10 bands) in het Gazzværket in Aabenraa, waar 1200 gasten kunnen zitten. Tickets voor de finale kunnen worden gekocht op www.aabenraalive.dk.
Liet International is een Friese vereniging die elk jaar een liedfestival organiseert waar alleen kleine talen gebruikt worden. Dit bericht is in het Fries.